Schepers yn basis Cambuur

13 mrt 2014 - 13:12
  • Cambuur-Twente

Bob Schepers makket nei alle gedachten syn debút yn de basis by Cambuur. De Ljouwerters spylje freed de belangrike thúswedstriid tsjin RKC Waalwijk. Schepers spilet foar de skorste Lukoki. Erik Bakker kin noch net spylje. Hy hat noch tefolle lêst fan in ankelblessuere. Ek Feldballe en De Graaf hawwe noch hinder fan in blessuere, mar fierder is de seleksje fit. Ogbeche traint wer mei de groep mei, mar fielt him sels noch net wedstriidfit. Cambuur kin by winst tsjin RKC goeie saken dwaan yn de striid tsjin degradaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)