Schepers bliuwt yn Ljouwert

28 mrt 2014 - 17:07

Bob Schepers bliuwt yn elts gefal takom jier noch by Cambuur. De rjochtsbûten dy't op dit stuit hierd wurdt fan FC Utrecht is akkoart oer in kontrakt en sil dat ynkoarten tekenje. Schepers kaam as echte bûtenspiler yn it 4-4-2 systeem fan Utrecht net echt ta syn rjocht en hy is bliid dat er werom is yn Ljouwert. Trainer Dwight Lodeweges is ek bliid dat Schepers yn Ljouwert bliuwt. In spiler mei in soad mooglikheden dy't noch lang net útgroeid is fynt hy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)