Scheffer syn 'batterij' wie op

31 jan 2012 - 16:51

De batterij wie op. Boargemaster Scheffer fan Harns koe it net mear opbringe om alle brantsjes yn de gemeenteried te blussen. It gie sels sa mâl, dat Scheffer syn earste termyn fan seis jier net ôfmakke. Dat waard tiisdei dúdlik by it ôfskie fan Scheffer.

En dat hie te krijen mei de hurde konfrontaasjes yn de ried, mei ûnder oare Frisse Wind en SP. Scheffer fergelike de sfear yn de ried mei de bytiden gaotyske situaasjes yn it doarp fan Asterix en Obelix. It wie dan ek in ôfskie mei in swart rantsje.

Harns wie en is noch hieltyd in drege gemeente foar bestjoerders en klimt neffens Scheffer nei in plak by de earste hûndert dreech te bestjoeren gemeenten fan Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)