Scheepvaart wint yn Marsum

14 sep 2014 - 18:40
  • Winst yn Marsum

Michiel Scheepvaart, Herman Sprik en Hans Wassenaar hawwe snein de trochinoar lotterspartij yn Marsum op harren namme skreaun. Yn de finale wie it trijetal mei 5-5 en 6-2 te sterk foar Johan van der Meulen, Johan Diertens en Pier Piersma.

De lytse preemje wie foar Pieter van Althuis, Alle Jan Anema en Sjoerd de Jong, dy't yn de heale finale ferlearen fan Michiel Scheepvaart-en-dy. Hans Wassenaar waard kening fan de partij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)