Scheenstra rapste yn Brabân

17 jul 2011 - 16:52

Skeeleneur Lars Scheenstra út Teridzert hat sneon by baanwedstriden yn Stevensbeek it sprintklassemint wûn. De Fryske A-junior wie oer twa ôfstannen rapper as Thijs Smets en Peter Groen. By de froulju gie de winst nei Bianca Rooseboom fan Kampen en wie der in tredde plak foar Margo van de Merwe út Wolvegea.

De wedstriid yn Brabân wie de alfde baanwedstriid fan it skeelerseizoen en der stiene yn ferhâlding net in soad skeeleneurs oan de start.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)