Scheenstra pakt NK puntekoers

31 aug 2014 - 13:58
  • Skeelerjen

Lars Scheenstra fan Teridzert hat sneon by it NK inline-skaten yn Wezep syn earste nasjonale titel by de senioaren op de puntekoers pakt. Al betiid yn de wedstriid ûntsnapte Sjaak Schipper út it peloton. Scheenstra wist Schipper yn te heljen en pakte dêrnei sa'n soad punten dat er net mear troch de konkurrinsje yn te heljen wie. Earder op de dei wie der al brûns foar Scheenstra op de 500 meter, efter de broers Michel en Ronald Mulder.

By de froulju pakte Elma de Vries, oarspronklik fan De Haule, har 41e nasjonale titel op de puntekoers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)