Schatzenburg wer te keap

04 nov 2003 - 00:00

Rekreaasjepark Schatzenburg by Menaam stiet wer te keap. Eigner Van Booma hat it park moandei oan de gemeente Menameradiel te keap oanbean foar goed 4 miljoen euro. Twa jier lyn hat er der fjouwer miljoen gûne foar betelle.

As de gemeente it net keapet, wurde de ûnderdielen fan it park, lykas it swimbad en de tennisbanen, apart ferkocht. Van Booma naam syn beslút nei't Grien Links fragen steld hie oer it weromkeapjen fan it park.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)