Schatzenburg mei wer bereind

08 aug 2003 - 00:00

De fuotbalfjilden op rekreaasjekompleks Schatzenburg by Menaam meie wer bereind wurde. De gemeente hat in akkoart berikt mei eksploitant Van Booma. De gemeente woe mei in tank mei wetter it terrein op, mar Van Booma stie dat net ta. De gemeente mei moarns betiid of jûns let it terrein op.

Schatzenburg is sûnt septimber 2001 eigendom fan van Booma. De gemeente is noch ferantwurdlik foar it ûnderhald fan de fuotbalfjilden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)