Schadd wol 'rêst' op Flylân

19 jun 2013 - 16:06

De rêst moat sa gau mooglik weromkomme op Flylân. Dat is de ynset fan waarnimmend boargemaster Ella Schadd-de Boer. Frou Schadd hat earder ek al waarnimmer west op it eilân, fan septimber 2009 oant febrewaris 2010. Dêrnei waard se opfolge troch Yorick Haan.

No is it krekt oarsom, neidat Haan ôfrûne moandei opstapte omdat de gemeenteried gjin fertrouwen mear yn him hie. Dat wie nei problemen yn de relasjonele sfear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)