Schaaf wol earste boarger wurde

13 okt 2003 - 00:00

Anne Schaaf út Dokkum wol yn 2006 boargemaster fan Dongeradiel wurde. As it keazen boargemasterskip der troch komt sil de 58-jierrige hanneler yn autoûnderdielen meidwaan oan dy ferkiezings.

Schaaf hat al jierren in konflikt mei de gemeente en stelt him dêrom beskikber. De Dokkumer seit serieus te wêzen en is al mei in kampanje begûn. "Dump Roel Cazemier, kies Anne Schaaf voor burgemeester".

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)