SC H'fean wint en bekert troch

24 sep 2008 - 22:19

SC Hearrenfean hat him pleatst foar de tredde ronde fan de KNVB-beker. De Friezen wûnen mei 3-0 fan MVV yn Maastricht. Yn de earste helte skoarden Roy Beerens en Paulo Henrique. Nei rust wie it Gerald Sibon dy't de einstân op it boerd sette.

Yn de begjin fan de wedstriid wie de thúsploech twa kear ticht by in doelpunt. Twa kear waard de latte rekke. Trainer Trond Sollied wie tefreden mei it resultaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)