SC H'fean fierder yn Amstel Cup

29 jan 2001 - 15:30

SC Hearrenfean sit by de lêste acht fan de Amstel Cup. De Friezen wûnen sneon yn Venlo mei 1-0 fan VVV troch in goal fan Nurmela. In moaie aksje fan Dennis de Nooijer gie dêroan foarôf.

Dochs spile Hearrenfean lang net op topnivo, sa sei spiler Johan Hansma nei ôfrin. Yn de folgjende ronde - tsjin Feyenoord - moat it folle better. Dat duel is takom woansdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)