SC Heerenveen kin PSV net oan

01 apr 2002 - 00:00

SC Heerenveen hat moandei yn Eindhoven dik ferlern fan PSV. De Friezen skoarden mar ien kear, tsjin fjouwer goals fan PSV. Ut Fryslân wei wienen sa'n 600 fans yn tolve bussen nei it suden kommen, fol optimisme.

Mar har entûsjasme mocht net helpe. Mei in penalty yn de trettjinde minút kaam PSV al op foarsprong. Pas yn de 77e minút krigen de Friezen in kâns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)