SC Heerenveen ferliest fan AZ

04 des 2005 - 16:21

Sportclub Heerenveen hat sneon de útwedstryd tsjin AZ mei 2-1 ferlern. AZ wie sawat de hiele wedstryd de sterkere ploech. Dat resultearde yn de earste minút al yn in 1-0 foarsprong, troch in doelpunt fan Arveladze. Yn de twadde helte waard it 2-0,troch Landzaat. Samaras die wat werom. Hy skoarde yn de 81ste minút.

Troch dit ferlies stiet Hearrenfean no op it achtste plak yn de earedivyzje. AZ klom nei it twadde plak, achter PSV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)