SC Hearrenfean yn bekerfinale

22 apr 2009 - 22:53
  • Viktor Elm iepene de skoare.

Hearrenfean hat foar de tredde kear yn de skiednis de bekerfinale helle. De Feansters wûnen woansdeitejûn de heale finale mei 2-0 fan Volendam. Viktor Elm iepene yn de tsiende minut de skoare. Danijel Pranjic makke yn de 84ste minut dien wurk. Hearrenfean treft yn de finale FC Twente.

De beide ploegen spylje dy finale op 17 maaie yn De Kuip yn Rotterdam. Troch dizze oerwinning is Hearrenfean sa goed as wis fan Europeesk fuotbal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)