SC Hearrenfean wol steantribune útwreidzje

16 jun 2015 - 15:12

Sportklup Hearrenfean wol de steantribune útwreidzje. De klup is yn petear mei fuotbalbûn KNVB en de eigen supporters om te sjen wat der mooglik is. Doel is dat de fernijde steantribune mear jongerein nei it stadion lûke sil. De besteande steantribune biedt romte oan 1200 minsken, mar is eltse wedstriid útferkocht. Om mear minsken nei it stadion te krijen, ûndersiket Hearrenfean de mooglikheid foar in grutter 'sfearfak'.

SC Hearrenfean wol it fak fergrutsje oant 1800 steanplakken.

De kommende perioade sil SC Hearrenfean fierder prate oer de mooglikheden. Novimber dit jier wurdt in beslút nommen oer al of gjin fernijde steantribune.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)