'SC Hearrenfean wol Cambuur-spiler Rusnák'

18 des 2014 - 07:16
  • Albert Rusnák

SC Hearrenfean soe belangstelling ha foar Cambuur-spiler Albert Rusnák. Dat skriuwt de Ingelske krante Daily Mail. Earder waard bekend dat FC Grins ek belangstelling hat foar de spiler. Derneist soe ek PAOK Saloniki de middenfjilder graach ha wolle. De Ljouwerter klup hiert de Slowaak Rusnák oant 1 jannewaris fan Manchester City, mar hat gjin jild om him te keapjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)