SC Hearrenfean wol Cambuur helpe

23 nov 2005 - 00:00

Ek SC Hearrenfean wol Cambuur helpe om de minne finansjele posysje te ferbetterjen. Foarsitter Riemer van der Velde, hat de Ljouwerters in benefytwedstryd oanbean, dy't oan 'e ein fan it seizoen spile wurde moat.

Ynterim-foarsitter Harjan van Dam fan Cambuur hoechde net lang oer it oanbod nei te tinken en hat it fuortendaliks akseptearre. Cambuur hat in skuld fan 8 miljoen euro en hat op koarte termyn 600.000 euro nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)