SC Hearrenfean wint op 'e Bosk

21 maaie 2011 - 16:35
  • Oussama Assaidi

Sportklup Hearrenfean hat sneon mei 5-1 de oefenwedstriid tsjin Harkemase Boys wûn. Op sportpark De Bosk hie de ploech fan trainer Ron Jans in oerwicht en kaam yn de 14e minút op in foarsprong troch Assaidi. Tsien minuten letter skoarde Martijn Barto foar Harkemase Boys de 1-1 mei de holle. Assaidi skoarde foar rêst noch twa kear.

Nei rêst notearren Fazli en Väyrynen de oare doelpunten foar de Fryske earedivyzjonist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)