SC Hearrenfean wint oefenduel

30 jun 2010 - 22:23

Ron Jans hat syn earste wedstriid as trainer fan SC Hearrenfean derop sitten. It jierlikse oefenduel tsjin Gaasterlân/Sleat einige yn in 7-0 oerwinning.

Fral yn de earste helte gie it frij stroef. Haglund krige in soad kânsen, mar skoarde net. Pas yn de 28e minút wist Papadopulos it net te finen. Fia Breuer, dy't in strafskop benutte, stie it by rêst 2-0. Nei it skoft koe de ploech de skoare fia Beerens (2x), Elm (2x) en Fazli opfiere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)