SC Hearrenfean wint mei 1-0 fan NAC Breda yn KNVB-beker

22 sep 2015 - 20:28

SC Hearrenfean hat tiisdeitejûn mei 1-0 wûn fan NAC Breda yn de 2e ronde foar it KNVB-bekertoernoai. Lange tiid waard der net skoard yn Breda, wêrtroch de einfaze spannend waard. Sân minuten foar it einsinjaal skoarde Hearrenfean-spiler Henk Veerman. Hy lobte de bal oer de Fryske doelman fan NAC, Jelle ten Rouwelaar.

Yn de lêste minuten moast NAC fierder mei 10 man. Michael Dingsdag krige in reade kaart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)