SC Hearrenfean wint mar krekt

01 jul 2009 - 23:30

SC Hearrenfean hat woansdeitejûn ek de tredde oefenwedstriid wûn. Yn Terwolde waard earste divyzjeklup Go Ahead Eagles mei 1-0 ferslein. Christian Grindheim wie yn de lêste minút de doelpuntemakker.

By de Feansters stie de Sloveen Aleksander Seliga ûnder de latte. Hy hie amper wat te dwaan, dat in goed oardiel oer de keeper is noch net te jaan. Hearrenfean en Sparta binne it iens wurden oer Brian Vandenbussche. De keeper is der sels noch net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)