SC Hearrenfean wint fan VVV

23 okt 2010 - 23:53

SC Hearrenfean wit wer wat in winstpartij is. VVV-Venlo waard yn it Abe Lenstra stadion mei 2-0 ferslein.

De ploech út Venlo hie sneon amper oanfallende aspiraasjes en dêr hie de thúsploech it dreech mei. Michal Papadopulos mocht yn de basis begjinne, mar foel krekt foar it skoft blessearre út. Syn ferfanger Bas Dost sette de Feansters yn de 50ste minút op it goeie spoar. Syn moaie kopbal betsjutte 1-0. Mika Väyrynen makke twa minuten letter de 2-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)