SC Hearrenfean wint fan RKC

08 nov 2013 - 22:00
  • Hakim Ziyech yn aksje tsjin Evander Sno fan RKC Waalwijk
  • Hakim Ziyech fiert syn treffer

Sportklup Hearrenfean hat freed yn de earedivyzje mei 5-2 fan RKC Waalwijk wûn. Nei in heal oere makke Otigba de 1-0. Hearrenfean wie better, mar pas yn de twadde helte makke de ploech it ôf. Twa penalties fan Alfred Finnbogason, in yntikker fan Finnbogason en in beauty fan in goal fan Hakim Ziyech. By RKC wiene Beauguel en Lamey de doelpuntemakkers.

SC Hearrenfean stiet no njonggende yn de kompetysje en hat noch in wedstriid yn te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)