SC Hearrenfean wint fan NEC

17 sep 2006 - 16:30

Sportklub Hearrenfean hat snein mei 3-0 wûn fan NEC út Nijmegen. By it skoft wie de stân 1-0 troch in moaie goal fan Afonso Alves. Nei de rêst makken Lasse Nilsson en Danijel Pranjic der 3-0 fan.

Troch de oerwinning stiet Hearrenfean nei fjouwer wedstriiden op it fjirde plak yn de earedivyzje. AZ, Roda JC en FC Grins hawwe tsien punten út fjouwer wedstriden. Ajax, PSV en Hearrenfean steane dêrachter mei njoggen punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)