SC Hearrenfean wint fan Eupen

25 jul 2010 - 10:00

SC Hearrenfean hat sneon yn Bûtenpost in oefenwedstryd tsjin it Belgyske Eupen mei 2-1 wûn. De Belgen kamen nei seis minuten al op foarsprong, mar Christian Grindheim makke noch foar it skoft mei in kopbal de 1-1. Acht minuten foar tiid profitearre Michal Papadopulos fan in flater yn de ferdigening fan Eupen en makke de 2-1.

Foar SC Hearrenfean wie it de op ien nei lêste wedstryd yn tarieding op it nije seisoen. Freed spilet de ploech yn it Abe Lenstra tsjin Real Mallorca.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)