SC Hearrenfean wint fan ADO

01 feb 2014 - 22:45
  • Kenneth Otigba
  • Ferslachjouwer Arjen de Boer yn petear mei Anthony Lurling

SC Hearrenfean hat sneontejûn de earste oerwinning nei de winterstop behelle troch mei 3-0 te winnen fan ADO Den Haag. Yn in op guon mominten minne wedstriid, wie it Kenneth Otigba dy't yn 'e twadde helte de skoare iepene. De treffer wie diskutabel om't net dúdlik wie oft doelman Coutinho fan ADO de bal klem hie. Nei 68 minuten spyljen koe Alfred Finnbogason út in strafskop de 2-0 op it boerd sette. De Yslanner makke al wer syn 20e treffer fan it seizoen. Rajiv van La Parra besoarge SC Hearrenfean yn 'e einfaze fan 'e wedstriid de 3-0.

It Fean rint troch de oerwinning twa punten yn op Feyenoord, dat fjirde stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)