SC Hearrenfean wint ek by NAC

10 aug 2013 - 23:41
  • Hakim Ziyech

Sportklup Hearrenfean hat ek de twadde wedstriid fan de nije kompetysje wûn. Ut by NAC Breda waard it 2-0 foar de Feansters. De thúsploech wie net de mindere, mar fergeat yn de persoan fan Elson Hooi te skoaren. Hearrenfean útblinker Hakim Ziyech die dat wol yn de 40e minút út in frije traap.

NAC socht de lykmakker yn it twadde bedriuw, mar doe't súkses útbleau wie Alfred Finnbogason yn de ekstra tiid de beul foar de NAC Breda.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)