SC Hearrenfean wint earste test mei 9-0 fan Bûtenpost

02 jul 2015 - 21:33

SC Hearrenfean hat tongersdeitejûn it earste oefenduel fan it seizoen mei 9-0 wûn yn en fan Bûtenpost. Nei acht minuten kamen de Feansters op foarsprong troch in goal fan Slagveer. It waard 2-0 troch Voest en 3-0 troch Marzo. Foar it skoft makke Thorsby de 4-0. Yn de twadde helte waard it yn de 56ste minút 5-0 troch Namli.

SC Hearrenfean spile yntusken mei tsien nije spilers. Namli soarget ek foar de 6-0 en de 7-0. Joey van den Berg makket de 8-0 en fia de ûnderkant fan de latte wurdt de einstân bepaald troch wer Namli.

Opstelling earste helte:
Sietsma, Marzo, St Juste, Bijker, Van Koesveld, Van den Boomen, Thorsby, Thern, Slagveer, Huser en Voest.

Opstelling twadde helte:
Sietsma, Van Anholt, Otigba, Gartenmann, Huizing, De Roon, Cavlan, Van den Berg, Schoop, Veerman en Namli.

By Hearrenfean ûntbrutsen Larsson, Kada en Van Amersfoort noch troch ynterlânferplichtings. Van Aken en Schmidt binne blessearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)