SC Hearrenfean wer yn training

23 jun 2010 - 19:51
  • De earste training fan Hearrenfean mei Ron Jans (foto's: Martin de Jong)

Foar de Sportklup Hearrenfean en de nije trainer Ron Jans sit de fakânsje derop. Woansdeitemiddei stie de earste training foar it nije seizoen op it programma. Op in waarm sportpark Skoatterwâld seagen in protte minsken nei it switten fan de seleksje.

Der is noch gjin dúdlikens oer it oanlûken fan ferdigener Youssef El-Akchaoui. Dy hat yn april in kûtbonke brutsen. As er ynkoarten wer hielendal fit is, wol Hearrenfean him der graach by ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)