SC Hearrenfean wer nei AZ

20 des 2013 - 15:00

SC Hearrenfean spilet sneon foar de twadde kear yn trije dagen in útwedstriid tsjin AZ. Woansdei gie de ploech fan trainer Marco van Basten yn Alkmaar ûnderút yn it bekertoernoai. Nei in 2-2 stân nei ferlinging ferlearen de Feansters de striid mei de beslissende strafskoppen.

By Hearrenfean spilet Joey van den Berg net fanwege in foetblessuere. Kenneth Otigba is skorst. Der wienen ek wat twifels oer Marten de Roon en keeper Kristoffer Nordfeldt. Mar sy kinne beide wol spyje. Neffens Van Basten wurdt winne yn Alkmaar "een moeilijke opdracht".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)