SC Hearrenfean útskeakele

18 des 2003 - 00:00

SC Hearrenfean is woansdei yn de achtste finale fan de Amstelcup útskeakele. De Feansters ferlearen mei 0-1 fan NEC. Trainer Foppe de Haan is bot teloarsteld. Hoewol't er net hielendal ûntefreden wie oer it fuotbal dat syn ploech sjen liet, mankearre der foaral rûn it 16 meter-gebiet wol wat oan.

De treffer foar NEC waard makke troch Hersi yn de 82e minút. Yn de 90e minút krige Hearrenfean-spiler Bakkati read.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)