SC Hearrenfean útskeakele

11 maaie 2014 - 00:13
  • Trainer Marco van Basten

SC Hearrenfean is útskeakele foar de play offs. De Feansters wûnen sneontejûn yn eigen stadion wol mei 1-0 fan AZ, mar dat wie te min om it 3-0 ferlies fan ôfrûne wike te kompensearjen.

SC Hearrenfean makke yn de 47e minút de iennichste goal fan de wedstriid. Hy kaam op namme fan Luciano Slagveer. AZ miste in oantal moaie kânsen. Hearrenfean besocht it lêste heal oere mei opportunistysk fuotbal AZ op de knibbels te krijen, mar de Alkmaarders bleaunen úteinlik betreklik ienfâldich oerein. De finale fan de play offs giet tusken Grins en AZ.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)