SC Hearrenfean úteinset mei tarieding op nije seizoen

29 jun 2015 - 17:29

Sportklup Hearrenfean is moandeitemiddei begûn mei de tarieding op it nije fuotbalseizoen. Yn Garderen hat de ploech fan trainer Dwight Lodewegs in trainingskamp opslein. Tongersdei spilet Hearrenfean syn earste wedstriid yn Fryslân, yn en tsjin Bûtenpost.

SC Hearrenfean is earst trije dagen te gast op it sportpark fan fjirdeklasser Veluwse Boys. Nije spiler Lucas Bijker is dêr foar it earst yn it pompeblêdeshirt te sjen. Mar der binne ek guon spilers noch net oanwêzich. Sam Larson en Morten Thorsby slute letter oan by de klup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)