SC Hearrenfean traint yn hotel

16 des 2008 - 21:00

De spilers fan Sportklub Hearrenfean traine tiisdeitejûn net yn it stadion fan Portsmouth. Omdat de fleanreis nei Ingelân troch de mist bot fertraging oprûn, hat trainer Sollied derfoar keazen om yn it hotel te fitnessen en te swimmen.

De seleksje fan Hearrenfean koe troch de tichte mist pas oan de ein fan de middei fan Skiphol fuortfleane, fjouwer oeren letter as de bedoeling wie. Bonaventure Kalou is yn Fryslân efterbleaun. Hy hat de gryp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)