SC Hearrenfean thús net foarby Vitesse

28 maaie 2015 - 22:40

SC Hearrenfean hat Vitesse yn de striid om it lêste ticket foar Europeesk fuotbal tongersdeitejûn op in lykspul hâlden: 2-2. Vitesse kaam yn de earste en twadde helte op foarsprong en SC Hearrenfean moast dus twa kear yn de achterfolging.

It earste doelpunt fan Vitesse wie diskutabel, om't der op it momint dat Qazaishvili skoarde twa ballen yn it fjild wienen. Mar skiedsrjochter Björn Kuipers telde de goal wol. Luciano Slagveer makke goed tsien minuten letter gelyk. De assist wie fan Mark Uth. 1-1 wie ek de rêststân.

De twadde helte waard SC Hearrenfean sterker, mar op 'e nij pakte Vitesse de foarsprong, troch Davy Pröpper. In kertier foar tiid makke Mark Uth wer gelyk mei in lob oer keeper Eloy Room.

Beide ploegen krigen noch wat kânsen, mar skoarden net mear. De return is kommende snein yn Arnhem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)