SC Hearrenfean sûnder Pranjic

23 sep 2008 - 17:39

De Sportclub Hearrenfean moat it woansdeitejûn yn de bekerwedstriid tsjin MVV sûnder Danijel Pranjic dwaan. De lytse Kroaat hat lêst fan de hamstring. Dy blessuere rûn hy snein op yn de wedstriid tsjin NEC.

Trainer Trond Sollied woe noch gjin opstelling jaan. De ploech reizget woansdeitemoarn betiid ôf nei Maastricht. In ferslach fan de wedstriid MVV-Hearrenfean is te hearren op Omrop Fryslân radio jûns tusken acht en tsien oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)