SC Hearrenfean stunt yn de Kuip mei winst op Feyenoord

28 jan 2016 - 22:40

SC Hearrenfean hat tongersdei in ferrassende oerwinning helle tsjin nûmer trije Feyenoord. It waard yn De Kuip 1-2 foar de ploech fan Foppe de Haan. Yn 'e earste helte kamen de Feansters op foarsprong. Henk Veerman makke der nei 39 minuten mei in moaie stift 0-1 fan.

Nei it skoft krige Hearrenfean grutte kânsen op de 2-0, mar it doelpunt foel oan de oare kant. Yn de 71ste minút skoarde Anass Achahbar de 1-1 mei in omhaal. Joey van den Berg skeat Hearrenfean úteinlik nei de trije punten. Hy makke yn 'e 84ste minút mei in skower de 1-2.

De earste grutte kânsen fan de wedstriid wiene foar de Rotterdammers. In kopbal fan Michiel Kramer koe pakt wurde troch Hearrenfean-doelman Erwin Mulder en efkes letter kopte Jan-Arie van der Heijden de bal oer de goal. Oan de oare kant krige Morten Thorsby, nei goed trochkoppen fan Veerman, in geweldige mooglikheid. De Noarske middenfjilder stuite op Feyenoord-keeper Kenneth Vermeer. It slagge Veerman seis minuten foar de rêst wol om Vermeer te passearjen. De spits koe de 0-1 op it skoareboerd sette. Der gie in moaie pass fan Sam Larsson oan foarôf.

Fuortendaliks oan it begjin fan de twadde helte krige Hearrenfean de kâns op de 0-2, mar foar in lege goal skeat Thorsby op 'e latte. Ek ynfaller Luciano Slagveer liet efkes dêrnei in mooglikheid lizze om de foarsprong te ferdûbeljen. Yn de 71ste minút kaam Feyenoord op likense hichte. Anass Achahbar, dy't yn 'e earste helte de blesseare Kramer ferfong by de Rotterdammers, makke der mei in prachtige omhaal 1-1 fan. Dochs giene de trije punten mei nei It Hearrenfean. Seis minuten foar tiid krige Van den Berg de bal foar syn fuotten en hy liet Vermeer mei in skower kânsleas: 1-2.

Troch de winst stiet SC Hearrenfean yn 'e earedifyzje op it alfde plak. Snein stiet yn Ljouwert de Fryske derby op it programma tusken SC Cambuur en SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)