SC Hearrenfean stiet op fiifde plak mei besikersoantallen

23 des 2015 - 14:09
  • SC Hearrenfean

De thúswedstriden fan SC Hearrenfean wurde noch altyd goed besocht, sa litte sifers fan it AD sjen. Hearrenfean hat healwei it seizoen in gemiddeld besikersoantal fan 23.674 en stiet dermei op it 5e plak. Der is plak foar 26.800. It Abe Lenstra Stadion komt nei Ajax (48.243), Feyenoord (47.500), PSV (33.388) en FC Twente (25.425).

SC Cambuur stiet op it ien nei lêste plak. De Ljouwerters ha in besikersoantal fan 9.765. Dêr moat by oantekene wurde dat it Cambuurstadion ien fan de lytste stadions fan de earedivizje is, dêr't 10.250 yn kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)