SC Hearrenfean spilet gelyk

01 okt 2009 - 23:02

Sportklup Hearrenfean hat tongersdei mei 0-0 lyk spile tsjin FK Ventspils út Letlân foar de Europa League. De earste helte wie net bysûnder. Yn de twadde helte waard dat oars. Foaral neidat Roy Beerens yn it fjild kaam.

Beide ploegen krigen in oantal goede kânsen, mar it smiet gjin doelpunten op. SC Hearrenfean hat no ien punt út twa wedstriden. Oer trije wike spilet SC Hearrenfean de tredde wedstryd tsjin Hertha BSC yn Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)