Sc Hearrenfean spilet gelyk

19 okt 2006 - 22:55

Sc Hearrenfean hat de earste wedstryd yn de groepsfase fan de UEFA-beker gelyk spile tsjin it Spaanske Osasuna. Yn Navarra bleau it 0-0.

Hearrenfean rekke yn de einfase Lasse Nilsson kwyt. Hy krige in reade kaart omt hy te lang treuzele by in wiksel. Yn de opskuor dy't dêr op folge waard trainer Gert Jan Verbeek nei de tribune stjoerd. It is al de sechde wedstryd op rige dat sc Hearrenfean der net yn slagget te skoaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)