SC Hearrenfean-spiler Thern is twifelgefal tsjin Vitesse

25 sep 2015 - 16:52
  • Simon Thern

SC Hearrenfean moat it sneon yn de wedstriid tsjin Vitesse mooglik dwaan sûnder middenfjilder Simon Thern. De Sweed is wer hersteld fan 'e blessuere dy't er oprûn yn 'e bekerwedstriid tsjin NAC Breda, mar sûnt freedtemoarn is Thern siik. It is ôfwachtsjen oft de medisinen op 'e tiid oanslaan, oars moat Hearrenfean it sûnder Thern dwaan.

Lodeweges hat wol wer de beskikking oer Mitchell te Vrede. De spits sit wer by de wedstriidseleksje foar it treffen mei Vitesse. Oft Te Vrede ek yn 'e basis stiet, woe Lodeweges net sizze. De trainer bleau geheimsinnich oer de opstelling. Oanfallend kin Lodeweges ek Luka Zahovic brûke. De Sloveenske oanfaller sit ek by de wedstriidseleksje.

De wedstriid is sneon live te hearren fia de radio en omropfryslân.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)