SC Hearrenfean skoart 14 kear

30 jun 2011 - 08:34

Sportklup Hearrenfean hat de tradisjonele earste oefenwedstriid fan de tarieding mei 14-1 wûn fan de Gaasterlân-Sleat-seleksje. Bas Dost en Oussama Assaidi wiene mei trije goals topskutters oan de kant fan de Feansters.

Quenten Martinus, Sven Kums en Luciano Narsingh makken twa goals. Viktor Elm en Tobias Kainz skoarden ien kear. De ear fan Gaasterlân-Sleat waard rêden troch Elmer Laagland. Ferline jier wûn Hearrefean de wedstriid mei 'mar' 7-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)