SC Hearrenfean skeakelt polityk yn foar Armeensk gesin Nazan

26 maaie 2015 - 11:02
  • Mem Nazan, earder by de aksje fan SC Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean noeget steatssekretaris Klaas Dijkhof fan feilichheid en justysje út foar de wedstryd fan tongersdei fan SC Hearrenfean tsjin Vitesse. De klup docht dat nei oanlieding fan de aksjes foar de famylje Nazan dy't drige wurdt mei útsetting. Frou Nazan en har soannen binne fan Armeenske komôf en wenje al 14 jier yn Nederlân.

De famylje is opfanggesin foar fuotballers fan SC Hearrenfean. Spilers en direksje wolle der alles oan dwaan om it gesin yn Fryslân te hâlden.

Twadde Keamerlid Lutz Jacobi is ynskeakele en ek boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean wurdt frege om mei de klup yn aksje te kommen om it gesin te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)