SC Hearrenfean set doar iepen

06 jul 2013 - 13:57

Der hawwe folle minder besikers op de iepen dei fan SC Hearrenfean west as ferline jier. Doe kamen der 18.000 minsken op ôf, dit jier wiene der 10.000 fans. Neffens de organisaasje wie de opkomst ferline jier in rekôr om't Marco van Basten presintearre waard as nije trainer. Ek it moaie waar soarget derfoar dat der minder minsken nei it Abe Lenstra stadion kaam binne.

De problemen by de klup binne wat op de achtergrûn. De spilers waarden presintearre oan har fans, de spilersbus koe besjoen wurde en der wie romte foar potsje fuotbal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)