SC Hearrenfean pakt punt tsjin PSV

12 mrt 2016 - 21:38

SC Hearrenfean hat sneontejûn nei in spannende wedstriid yn Eindhoven mei 1-1 lykspile tsjin PSV. Yn it Philips Stadion waard der yn de earste helte net scoard. Wol krigen de Feansters flak foar rêst noch in grutte kâns, mar de bal fan Te Vrede soarge net foar de iepeningstreffer.

Nei rêst kaam dy foarsprong der wol foar Hearrenfean. Te Vrede makke yn 'e 53e minút knap it earste doelpunt nei in moaie pass fan Larsson. Lang koe de klup net fan de foarsprong genietsje. Trije minuten letter stie it 1-1 troch in kopbal fan Luuk de Jong.

Yn de slotfaze wie it noch spannend. PSV waard noch in pear kear gefaarlik, mar de 1-1 bleau nei it lêste fluitsinjaal op it scoreboerd stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)