SC Hearrenfean pakt belangrike oerwinning op Feyenoord

21 maaie 2015 - 21:49
  • Simon Thern makket de 1-0 tsjin Feyenoord

Sportklup Hearrenfean hat in hiele belangrike, mar krappe oerwinning pakt op Feyenoord. Yn de earste ronde fan de play-offs wûn Hearrenfean mei 1-0. Nei in minne wedstriid, dêr't in soad ferkeard gong, makke Simon Thern úteinlik de winnende goal. Ynfaller Veerman ferlingde yn de 83e minút knap mei syn holle de bal nei Thern. De Sweed skoarde, bûtenspul of net, de iennichste goal fan de wedstriid.

Beide ploegen makken in soad flaters. Slagveer krige yn de earste helte ien op ien mei keeper Kenneth Vermeer de grutste kâns fan de wedstriid.

Snein is de twadde wedstriid yn De Kuip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)