SC Hearrenfean op trainingskamp nei de Veluwe, gjin bûtenlân

23 nov 2015 - 22:59

    Sportklup Hearrenfean giet fan 't winter net op trainingskamp nei it bûtenlân, mar nei de Veluwe. De ôfrûne jierren keas Hearrenfean derfoar om nei Portugal of Spanje te reizgjen, mar no kiest de klup foar in trainingskamp fan sa'n fiif dagen yn eigen lân.

    De seleksje ferbliuwt yn it Gelderske Garderen. Dêr wurdt traint op it sportkompleks fan sneinsfjirdeklasser OVC'85, dat trije fjilden hat, twa fan natoergers en ien fan keunstgers.

    De tarieding op de twadde seizoenshelte set útein op moandei 4 jannewaris. Op 8 jannewaris sille de spilers werom nei It Hearrenfean.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)