SC Hearrenfean oan de lieding

29 sep 2013 - 15:03
  • Luciano Slagveer

SC Hearrenfean giet by rêst mei 1-0 oan de lieding yn de Fryske derby. It begjin wie foar SC Cambuur. Yn de tredde minút krige Jody Lukoki in goede kâns en ek it skot fan Marcel Ritzmaier wie gefaarlik. De earste giele kaart wie foar Hearrenfean-ferdigener Ramon Zomer nei in oertreding op Olivier Feldballe krekt bûten 16-meter.

Yn de 18e minút pakte SC Hearrenfean de lieding. Ut in foarset fan Van la Parra koe Luciano Slagveer de 1-0 binnenkoppe. In knap skot fan Mart Dijkstra yn de 28e minút waard troch Nordfeldt ûnder de latte weistompt.

Nei de 1-0 krige Hearrenfean opnij in goede kâns. Nei in knappe aksje koe Van la Parra de foarset fan Slagveer krekt net ynkoppe. Dêrnei in giele kaart foar Mart Dijkstra, dy't Finnbogason ûnderút skoffele. De frije traap waard troch Zomer lykwols oer de goal fan Nienhuis kopt. Yn de 42e minút krige ek Ritzmaier giel, om't er te rûch it kopduel yngong mei Van Anholt. In skot fan Finnbogasson op slach fan rêst gong krekt foar de goal fan Cambuur del.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)