SC Hearrenfean net nei kwartfinale KNVB beker

15 des 2015 - 22:33

SC Hearrenfean is der tiisdeitejûn net yn slagge de kwartfinale fan de KNVB beker te berikken. Yn Kerkrade ferlear de ploech fan trainer Foppe de Haan mei 3-1 fan Roda JC. De thúsploech kaam al gau op foarsprong troch twa doelpunten fan Tomi Juric. De twadde wie in penalty neidat Joey van den Berg in reade kaart krige. Nei 66 minuten brocht in eigen doelpunt fan Ard van Peppen de spanning wêrom. Yn de lêste minuten makke Fred Ngonbo mei de 3-1 in ein oan de hoop fan de Feansters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)